Friezen jouwe massaal jassen foar flechtlingen op Lesbos

Der wurde yn Fryslân massaal jassen ynsammele foar de flechtlingen op Lesbos. Neffens Ankemarije Piebenga fan Akkrum dy't de opfangkampen op it Grykske eilân besocht hat, is der grut ferlet fan winterjassen. It is dêr tige kâld en de flechtlingen binne dêr net op klaaid. De ynsammelaksje giet gewoan troch om't der hast 6000 jassen nedich binne. Piebenga ropt no ek kleanwinkels op om winterjassen dy't se oer ha, te donearjen. Der binne yn Fryslân ferskate ynleverpunten.
Wa't noch jassen oer hat en kwyt wol, kin maile nei fryslanhelptlesbos@gmail.com.