Folsleine tsjusterens yn Nacht van de Nacht

Belibje it tsjuster en ûntdek hoe wichtich en moai it is. Dat wie it boadskip it ôfrûne wykein yn de Nacht van de Nacht. Rûnom yn de provinsje wiene tal fan aktiviteiten. Sa koene je de Waadsee op, mei it skip de MS Petra. Hast 50 minsken gongen mei op dizze tocht op it wetter. De Waadsee is ien fan de meast tsjustere plakken fan Nederlân.
Dochs kin it noch folle better, sizze 43 partijen. Sy hawwe sneon ôfpraat om it ljocht yn en om de Waadsee safolle as mooglik út te krijen. It waad moat nammentlik 'Dark Sky park' wurde. Dus in plak dêr't de nacht de nacht is.