Mêst Hoogersmilde op hichte

Helikopter pleatst dielen stjoermêst Hoogersmilde © ANP
De stjoermêst yn Hoogersmilde is wer op hichte. Moandei waard it lêste mestdiel pleatst troch in helihopter fan in spesjalisearre bedriuw út Switserlân. De nije mêst is 303 meter heech, in pear meter mear as de mêst dy't yn july ferline jier ynstoarte nei brân.
De helikopter hat sûnt begjin maaie sa'n 75 flechten makke om alle mêstdielen fan 4.000 kilo en de triedden dêr't de mêst mei ferankere wurdt op it goeie plak te bringen. It lêste mêstdiel dy't moandei de loft yn gie wie in 20 meter lange mêst fan Digitenne.
Yn de nije mêst sitte mei-inoar 120 antennes dy't yn't foar yn de mestdielen monteard wiene. De grutste put is no it lûken fan de kabels mei in lingte fan mei-inoar 6 kilometer. Yn augustus moat de tv-toer operasjoneel wêze en hat Noard-Nederlân wer in gewoane ûntfangst fan radio en televyzje. De needmêst dy't nei it ynstoarten fan de mêst fan Hoogersmilde op de Johan Willem Frisokazerne pleatst wie, wie 100 meter heech en hie ûnfoldwaande berik.