Mohamed Haj Ali en syn gesin meie bliuwe

Mohammed Adzjali mei gesin yn Kollum © Omrop Fryslân
It Syryske gesin Haj Ali dat in jier lyn yn de krisisopfang fan Harns telâne kaam en troch Omrop Fryslân folge wurdt yn har wei nei in ferbliuwsfergunning yn Nederlân hat freed lang om let in status krigen. De famylje kaam yn septimber ferline jier yn Fryslân. Se wiene yn Harns, Kollum en Ljouwert. Dêrnei ferhuzen se nei Oranje en úteinlik Ter Apel. Mohamed, Fatima en de bern wolle graach werom nei Fryslân. De kâns dêrop liket grut. Se hawwe frege oft se nei Harns ta kinne te wenjen.
De famylje hat yn ferskate reportaazjes by Omrop Fryslân sjen litten hoe't har libben der nei de flecht út it troch oarloch teistere Syrië útsjocht. It gesin ferhuzet no werom nei Oranje yn ôfwachting fan de oanwizing fan in wenplak.