Lytse brân Lorentzslûs
By de Lorentzslûs yn de Ofslútdyk hat freedtejûn koarte tiid brân west. It fjoer siet yn it âlde remmingwurk. Dit stie al op de planning om ynkoarten ferfongen te wurden. It nije remmingwurk wurdt makke fan stiel. It is net dúdlik wat de brân feroarsake hat.