Ite en moeting sintraal by moanliks diner yn Hurdegaryp

De helpfragen fan minsken mei finansjele problemen dy't de tsjerken krije, wurde hieltyd yndringender. Dat seit diaken Machiel de Haan fan de PKN gemeente yn Hurdegaryp. De diakony krige foarhinne benammen fragen fan minsken dy't tydlik yn de finansjele problemen sieten.
Hjoed-de-dei giet it fral om helpfragen fan minsken dy't struktureel te min jild hawwe. Dy minsken krije advys by it oplossen fan har finansjele problemen. Ek is der 'stille help' yn de foarm fan guod dat nedich is yn de húshâlding lykas in nije waskmasine as dy stikken is.
Moanliks diner
It diner dat it Sosjaal Kafee Hurdegaryp alle moannen organisearret foar in lege priis lûkt hieltyd mear minsken. It moanlikse diner begûn in pear jier lyn mei 25 oant 40 gasten. No binne it der al mear as 80 en sit it Sosjaal Kafee tsjin de grinzen fan de kapasiteit. It diner wurdt taret, sean en betsjinne troch in groep fan in lytse 20 frijwilligers. It miel hat yn it foarste plak in wichtige sosjale funksje foar âlderen dy't allinnich wenje. Minsken dy't net sa mobyl mear binne, wurde ophelle as se dat wolle en ek wer thúsbrocht.
Sjef-koks
Omdat it trije gongediner mar 3,50 euro kostet is it ek gaadlik foar minsken mei in smelle beurs. It diner is yn prinsipe tagonklik foar eltsenien, ek foar minsken dy't net by de tsjerke oansletten binne. Iters dy't wat mear jild misse kinne betelje faak út harsels in heger bedrach.
It Sosjaal Kafee Hurdegaryp soe net draaie kinne sûnder de grutte ynset fan de twa sjef-koks Jolanda en Yolanda dy't in goeie reputaasje opboud hawwe yn it doarp.
Menu
Op it menu fan freedtejûn stie hinnesop, hasjee mei jirpelpuree, reade koal en smots mei fruchteyochert as neigesetsje. Alles farsk en klearmakke yn de tsjerkekeuken. Mei it jirpelskilen, sipelsnijen en sieden fan it fleis wiene de frijwilligers al op tongersdeitejûn begûn. Dûmny Geke Westra is grutsk op de ploech frijwilligers. "Tsjerke wêze dogge je net allinnich op snein, mar ek troch de wike." De dûmny besiket it diner ek alle moannen mei te meitsjen, sadat se mei de gasten prate kin.