Gjin Friezen by top 5 op 500 meter

Op de 500 meter op de KNSB Cup yn Grins ha de Friezen har freed net pleatse kinnen foar de wrâldbeker. Jesper Hospes waard alfde yn in tiid fan 35.84, Gerben Jorritsma tolfde yn 35.99 en Sjoerd de Vries einige as santjinde yn in tiid fan 36.26.
Ronald Mulder wie de rapste yn 35.25. Fierder pleatsen Jan Smeekens, Kai Verbij, Daidai Ntab en Kjeld Nuis har foar de wrâldbekerwedstriden.
"Ik bin razend en baal derfan" sei Jesper Hospes nei syn rit. "Op de training giet it hartstikke goed, mar yn de wedstriid komt it der net út. Dat is hiel teloarstellend. Nei in rappe iepening wie it krekt oft ik net mear foarút kaam."