Fryske reedrydsters pleatse har foar wrâldbeker

Antoinette de Jong en Marrit Leenstra ha har freed by de earste fiif pleatst op de 1.500 meter yn Grins by de KNSB Cup. Jorien ter Mors wie de rapste. Yn in spannende striid fersloech se Ireen Wüst yn in tiid fan 1.58.54. Wüst einige flak dêrnei as twadde yn 1.58.94. Antoinette de Jong ried de tredde tiid, 1.59.65.
Marrit Leenstra waard fjirde yn 1.59.87 en Melissa Wijfje (fyfde yn 2.00.10). De earste fiif pleatse har foar de earste fjouwer wrâldbekerwedstriden yn dit seizoen.