Deputearre Kramer hâldt fêst oan fjirde trein nei Swolle

© ANP
Deputearre Johannes Kramer en spoarbedriuw NS prate takom wike fierder oer de komst fan in fjirde trein yn de oere tusken Ljouwert en Swolle. It oerlis fan freed hat gjin konkrete resultaten opsmiten.
Beide partijen ha ôfpraat dat dy fjirde trein der komt yn de nije tsjinstregeling dy't yn desimber yngiet, mar de NS seit dy ôfspraak net neikomme te kinnen. De kapasiteit fan de boppelieding fan it spoar lit dat net ta.
Kramer hâldt lykwols fêst oan de makke ôfspraken en ûndernimt mooglik juridyske stappen tsjin de NS. Dat sei er ôfrûne woansdei yn de gearkomste fan provinsjale steaten. In oplossing soe wêze kinne dat it transformatorstasjon op It Hearrenfean útwreide wurdt, mar dat kin noch moannen duorje. Op dit stuit ride der noch trije treinen yn de oere tusken Ljouwert en Swolle: twa stoptreinen en ien intercity.