File troch in ûngelok op de Wâldwei

© Jaring Rispens
Ferkear op de N31 rjochting Drachten moat rekken hâlde mei fertraging. De N31 ter hichte fan Ljouwert is folslein ôfsletten foar ferkear yn ferbân mei in ûngelok. By it ûngelok wiene trije auto's belutsen. Hjirby binne twa persoanen lichtferwûne rekke. Sy moasten foar ûndersyk nei it sikehûs. It ferkear wurdt fia op- en ôfritten omlaat. Troch dizze omlieding stiet ek it ferkear op de Drachtsterwei stil. Nei alle gedachten wurdt de dyk om 17.00 oere hinne wer frijjûn.
UPDATE: De Wâldwei (N31) rjochting Drachten is healwei seizen wer frijjûn. De dyk wie by Ljouwert folslein ôfsletten foar ferkear yn ferbân mei in ûngelok. By it ûngelok wiene trije auto's belutsen. Hjirby binne twa persoanen lichtferwûne rekke, dy't foar ûndersyk nei it sikehûs brocht binne.