Protte problemen mobyl berik yn Fryslân

It mobyl berik yn Fryslân krijt noch krekt in foldwaande fan de Fryske brûkers. Dat docht bliken út ûndersyk fan Omrop Fryslân yn gearwurking mei de NOS. Fryslân stiet mei in sifer fan 5,8 op in achtste plak yn Nederlân.
De ynwenners fan Gelderlân, Drinte en Noard-Brabân jouwe in noch leger sifer as de Friezen. Omrop Fryslân en de NOS hawwe yn Fryslân goed 1100 minsken ûnderfrege oer harren ûnderfiningen mei harren mobile netwurk. It giet dan bygelyks om at je oeral yn hûs belje kinne of net.
De gemeente Weststellingwerf krijt it leechste sifer yn de provinsje: in 4,1.
Kleie mar net oerstappe
It grutste diel fan de minsken yn ús provinsje is klant by KPN (36%) of Vodafone (23%), de rest fan de ynwenners is ferdield oer 12 oare providers. In lytse mearderheid fan de Friezen, 51 prosint, hat wolris by harren mobile oanbieder klage oer it berik, mar oerstappe liket foar in protte minsken dochs in te grutte stap. Mar 32 prosint is yndied oerstapt fan provider fanwegen it minne berik. Opfallend resultaat yn it ûndersyk is dat in mearderheid fan de Friezen (68 prosint) seit dat se bûten en om har eigen hûs hinne gjin goed berik hawwe.
Op ûndersteand kaartsje binne alle ynstjoerings te sjen dy't meidien hawwe oan it ûndersyk. In reade tillefoan betsjut in negative beoardieling fan it mobile berik.
Germ Dijkstra út Ychtenbrêge hat ek meidien oan it ûndersyk. Hy kin allinnich mar belje as er op de boppeferdjipping fan syn hûs stiet. Neidat de stjoermêst út Eastersee fuorthelle is, en der in Vodafone mêst by de A6 kaam is, is it berik min wurden, sa seit er. Dijkstra is foar syn wurk ôfhinklik fan de mobile telefoan en it ynternet. Hy fynt it ferfelend dat er no net altyd te berikken is, en faak letter sjocht dat er oproppen mist hat.
Antenne yn hûs
Jolanda van den Akker út Reahel hat al jierrenlang lêst fan in minne mobile ferbining. Se wennet al 20 jier yn Reahel en neffens har hat it berik eins altyd al in drama west. Van den Akker hat de mobile tillefoan nedich foar har wurk, en krige dêrom fan har foarige wurkjouwer in antenne yn har hûs. Doe wie it berik goed, mar wol djoer. Se is no oerstapt op in oare provider en no sit se opnij mei in minne ferbining.
Fan alle oanbieders skoart Simyo it bêste yn Nederlân. Sy krije in 6,4 foar it mobile berik. Oer Vodafone binne de minsken it minst te sprekken. It bedriuw krijt mei in 5,5 noch mar krekt in foldwaande.