Wetterpeil yn Reahel West polder omheech

Net fier fan Bûtenpost yn de polder Reahel West wurdt op it stuit drok wurke om it kwelwetter yn it gebiet mear romte te jaan. Dat wetter is ryk oan mineralen en soarget derfoar dat tige seldsume plantsjes en mossen wer de romte krije. Om dat te berikken, gean de wetterpeilen omheech. Dat moat ek de greidefûgels helpe.
De streek hie yn earste oanset wol noed oer dy hege wetterpeilen, mar ien en oar bart op sa'n wize dat de bewenners drûge fuotten hâlde. Ek is derfoar soarge dat minsken it gebiet yn kinne.
Deputearre Johannes Kramer hat freed mei de gebietskommisje en behearder Steatsboskbehear yn it gebiet west om te sjen hoe't it giet mei it wurk.