Eineksamens binne los

Foar goed 200.000 skoalbern fan vmbo, havo en vwo binne moandei de eineksamens begûn. Dy eineksamens binne noch belangriker as oars, want
de easken binne dit jier stranger wurden. It gemiddelde sifer fan alle eineksamenfakken moat no in foldwaande wêze. Foarhinne koe in leger sifer op it sintraal skriftlik eineksamen noch kompinsearre wurde troch in heger sifer op de skoalûndersiken.
De eksamens duorje oant 1 juny. Dit jier dogge hast 60.000 havisten, goed 40.000 vwo'ers en mear as 105.000 vmbo'ers oan de eksamens mei.
De eineksamens binne moandeitemoarn begûn mei it fak kuenst en byldzjende foarming foar de Havo. Moandeitemiddei binne der eineksamens biology foar de Havo en Nederlânsk foar it VWO.