Earme minsken tôgje hieltyd faker nei de tsjerke foar help

Hieltyd mear minsken dy't yn earmoed libje, klopje by in tsjerklike ynstânsje oan foar help. Dat docht bliken út in ûndersyk ûnder goed 870 tsjerken yn Nederlân. It ûndersyk is útfierd troch de helporganisaasje Kerk in Actie. Sawol katolike as protestantske tsjerken diene mei oan it ûndersyk.
It oantal minsken dat by de tsjerke finansjele help freget, is de ôfrûne jierren mei 25 persint omheech gien. Yn 2015 diene 50.000 minsken in helpfersyk. Yn 2012 wiene dat der 40.000.
Burokratysk
Kerk in Actie seit dat de oerheid te burokratysk wurket en kwetsbere groepen net genôch stipet. De tsjerken biede benammen needhelp om foar te kommen dat gas, wetter en ljocht ôfsletten wurde. De wichtichste doelgroep binne minsken sûnder betelle wurk, folge troch allinnichsteande âlden. Asylsikers stean op it tredde plak.
Kerk in Actie berekkene dat de tsjerken ferline jier 36 miljoen euro útjûn ha oan earmoedehelp. Finansjeel is de help noch wolris in probleem. Foaral om't tsjerke-mienskippen hieltyd lytser wurde en dus minder jild om hannen ha.