Ungelok: sjonger Rinus ferwûne

Sjonger Rinus fan Drachten is sneintejûn ferwûne rekke by in ûngelok by Beilen. Syn tourmanager siet achter it stjoer en fleach út de bocht doe't er fanôf de A28 de ôfslach Drachten naam. Hy ried it talúd ôf, wêrnei't de auto yn de greppel ta stilstân kaam.
Yn de auto siet ek de frou fan Rinus, Debora. Alle trije moasten nei it sikehûs. Rinus hat in skuor yn it boarstbien, Hy moast wat langer in nacht yn it sikehûs yn Assen bliuwe, mar mocht moandei wer nei hûs. Debora en syn tourmanager kamen mei de skrik frij.
Alle optredens fan Rinus de sjonger foar it kommende Himelfeartwykein binne skrast.