Bonifatiuspicknick yn Dokkum

14 maaie 2012 - 11:13

Yn Dokkum ha moandeitemoarn 1400 bern fan alle basisskoallen meidien oan de Bonifatiuspicknick. De bern waarden op de Merk ûntfongen troch de berneboargemaster fan Dongeradiel, wethâlder De Graaf, Jelle B. en de Kast. De Kast mei Syb van der Ploeg presintearre dêr ek har nije singel 'It wetter waakst'; in Frysktalich nûmer dat diel út makket fan in nij album fan de Kast. It is in duet mei Lotte Verhoeven.

Verhoeven en Van der Ploeg sjonge it nûmer ek yn 'Bonatifius de Musical' dy't fan 1 juny ôf opfierd wurdt yn Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)