Johannes Meeter nimt roer Huzumer skûtsje oer fan Lodewijk

Johannes Hzn. Meeter © Martin de Jong
Johannes Meeter is de nije skipper fan it skûtsje fan Huzum. Dat hat it bestjoer fan It Huzumer Skûtsje tongersdei besletten. Johannes Meeter nimt it roer oer fan syn broer Lodewijk. Hy wie hjirfoar skipper fan it Lemster skûtsje en it skûtsje fan Langwar.
"By de wedstriden seach ik wolris om nei it skûtsje fan Huzum en tocht dan: It moat dochs mooglik wêze dat skip nei foaren te silen", sa seit Johannes Meeter.