Fakânsjepark: "Boeken bliuwe fan ûnskatbere wearde"

Mei de wurden "Vaarwel Vaarwater" swaaide antikêr Ad C. (Atsee) de Haan tongersdei syn boeken út. De 73-jierrige Atsee moat ophâlde mei syn antikwariaat yn Dokkum en alle boeken yn de loads moatte fuort. Rekreaasjepark Klein Vaarwater op It Amelân woe wol in pear doazenfol hawwe. "Wy dogge yn ferdivedaasje. Neist al it digitale geweld bliuwt it boek fan ûnskatbere wearde", seit parkmanager Hans van Houten. Hy kaam tongersdei del om de boeken op te heljen. Se komme yn it park yn in spesjale biblioteekkast te stean.
Kontener 
De Haan hie in pear klanten oan wa't er ikelde tûzenen boeken kwyt koe, mar de loads wie sa fol dat it net echt te sjen wie. "Dat schiet wel op, maar het valt niet op." It restant giet yn de grutte blauwe seekontener by de loads. Dy is al hast oan de râne ta fol mei boeken. "Er zijn genoeg mensen die ze hadden willen hebben, maar die zijn niet gekomen. Ik heb ze niet gezien. Het blijft doodzonde", sei De Haan.
Fakânsje
De Haan moat de loads leech opleverje. As alles fuort is, giet er mei fakânsje: "Even afkicken van de boeken. Vakantie hebben we wel verdiend na deze moeilijke tijd. Het was geen lolletje, ik was er aardig kapot van."