Lederied KNSB akkoart, gjin stakings yn reedriderij

De lederied fan it reedridersbûn KNSB is tongersdei akkoart gien mei de ôfspraken fan de KNSB mei reedriders, teams en gewesten. Dêrmei is it slepende konflikt yn de reedriderswrâld oer de besunigings definityf ta in ein kaam.
Hoewol't der woansdeitejûn al in akkoart wie, moast dat op de ledegearkomste fan de KNSB noch offisjeel goedkard wurde. De staking fan de riders is dêrmei ek definityf fan de baan. Der wurdt dus freed gewoan riden foar de KNSB Cup yn Grins. De tickets foar de earste wrâldbekerwedstriden wurde dêr ferdield.