UPDATE: Nije Waadhely oankaam op fleanbasis yn Ljouwert

De nije Airbus H145
De nije ambulânsehelikopter foar pasjinteferfier fan de Waadeilannen is tongersdeitejûn oankaam op de fleanbasis yn Ljouwert. It giet om in Airbus H145. De nije hely wurdt fan 16 novimber ôf troch RAV Fryslân ynset foar medyske fluchten fan en nei de Waadeilannen.
De hely wie ûnderweis út Dútslân wei. Hy kaam om healwei achten hinne oan yn Ljouwert. Nei oankomst sil de helikopter in trainingsflecht boppe Noard-Nederlân dwaan. Nije wike komt ek in twadde helikopter nei Ljouwert. Dy sil brûkt wurde as reserve.