Frou skopt en slein op Oktoberfest yn Ljouwert

Oktoberfest yn München © ANP
De plysje siket tsjûgen fan in slimme mishanneling yn de nacht fan sneon op snein op it Oktoberfest op it Saailân yn Ljouwert. In 20-jierrige frou waard út it neat yn it gesicht slein. En doe't se op de grûn foel, waard se skopt en slein.
De frou rekke ferwûne oan de holle en se is trije tosken kwyt. De plysje hat de dieder noch net fûn en freget minsken dy't wat sjoen hawwe fan de mishanneling of mear witte, oft se harren melde wolle.