Stijn Schaars yn seleksje Nederlânsk alvetal

Stijn Schaars © Martin de Jong
Middenfjilder Stijn Schaars fan Sportklup Hearrrenfean is opnaam yn de seleksje fan it Nederlânsk alvetal foar de oefenynterlân tsjin België, op 9 novimber en de WK-kwalifikaasjewedstryd tsjin Lúksemboarch, fjouwer dagen letter. Schaars is by Hearrenfean dwaande mei in goed seizoen, nei't er ferline seizoen foaral op de bank siet by syn âlde klup PSV. Schaars spile earder 23 wedstriden foar it Nederlânsk alvetal.