17-jierrige Jordan makket natoerfilm oer Keningsdjip

De natoerfilm 'Licht en Leven' fan de 17-jierrige Jordan van der Maas giet tongersdeitejûn yn it filmhûs op 'e Gordyk yn premjêre. Mei ynfâldich materiaal en in soad geduld is de Drachtster Van der Maas der yn slagge om betiden hiel ticht by bisten te kommen. Slangen, dassen, kikkerts en reekealtsjes; sy binne allegearre te sjen. De natoer yn de omkriten fan it Keningsdjip stiet sintraal. Van der Maas makke sels ek de muzyk. De earste fertoanings binne al útferkocht.