"Stop met zelfmoord plegen op deze prachtige sport"

Der binne gjin echte winners. En der is noch in hiel soad wurk te dwaan foardat de KNSB in goede organisaasje is foar de reedriders en gewesten.Dat seit Bert Jonker, eigener fan de Clafisploech. Yn dy ploech rydt Jorrit Bergsma. Coach fan it team is Jillert Anema.
Bert Jonker is ien fan de arsjitekten fan it akkoart dat woansdeitejûn sletten is tusken de KNSB, gewesten, riders en teams. Foar de kommende twa jier binne ôfspraken makke oer preemjes en ferdieling fan jild oan de gewesten. Mar dat is noch mar it begjin neffens Jonker.
"Dienend, niet directief"
"Wij willen een dienende KNSB, niet een directief schaatsbond", seit Jonker. It moat folle mear om de reedriders gean, net om it reedrydbûn sels, fynt er. "Laat ons het werk maar doen, met een dienende KNSB op de achtergrond."
Dat moat dêrom de kommende tiid ek in spearpunt wurde, seit Jonker. "We moeten stoppen elke keer zelfmoord te plegen op deze prachtige sport."
Duorsume sport
De ûnderhannelingen oer de nije begrutting fan de KNSB rûnen al sûnt maaie. "Het belangrijkste is nu dat er rust is voor de schaatsers en de teams. Maar er is nog genoeg werk aan de winkel. De schaatssport moet duurzamer worden."
Jorrit Bergsma fan de Clafisploech fynt dat de bestjoerders fan de KNSB harren ferantwurdlikheid nimme moatte.