Plysje dielt tsien boetes út by bromfytskontrôle

© Omrop Fryslân
By in kontrôle yn it sintrum fan Ljouwert hat de plysje woansdei tsien brom- en snorfytsbestjoerders op de bon slingere. By it kontrolearjen fan de snelheid krigen fjouwer minsken in boete. Harren snorfytsen giene te hurd, oant hast 55 kilometer yn de oere.
Fjouwer oaren krigen in bon omdat se gjin rydbewiis by har hiene en twa bestjoerders waarden beboete omdat se net op it goede plak op de dyk rieden.