Auto rekket fan de dyk en klapt op beam; twa ferwûnen

© De Vries Media
By in ûngelok op de Legeloane yn Stynsgea binne yn de nacht fan woansdei op tongersdei twa minsken ferwûne rekke. Troch noch ûnbekende oarsaak wie de auto fan de dyk rekke en troch in túnstek frontaal op in beam klapt.
De brânwacht en ambulânsepersoniel hawwe de beide ynsittenden út de auto helle. In tredde ynsittende is mooglik útnaaid. De twa slachtoffers binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.