Pinning útrikt foar rêden jonkje út Dokkumer sleat
In bysûnder barren yn Dokkum woansdei. Twa rêders fan in 6-jierrich jonkje krigen in spesjale pinning foar harren heldedied. Rennie Wielinga en Johan van der Kooi rêden Jort Renkema fan de ferdrinkingsdea op 5 maaie dit jier.
Jort is ferstanlik beheind en wie op syn útfanhuzersplak oan de oandacht ûntsnapt. Hy rekke fermist. Buorfrou Rennie stapte nei de fermissing fuort op 'e fyts en gie op syk. Se fûn Jort yn in djippe brede sleat en helle fuort help fan oaren. Johan van der Kooi út Ternaard twivele gjin momint en sprong yn it wetter.
Krekt op tiid
De rêdingsaksje kaam mar krekt op 'e tiid. Neffens de âlders hie it gjin minuten langer duorje moatten. Erwin en Willy Renkema binne de rêders ivich tankber en woene wat werom dwaan. Se hawwe de rêders foardroegen foar de ûnderskieding. Woansdeitemiddei waard de brûnzen pinning yn in emosjonele byienkomst troch boargemaster Marga Waanders útrikt.
Mei Jort giet it yntusken wer prima. Hy wie ek oanwêzich by de útrikking.