Harnzer jeugd rint út foar Killer Clown

Sa'n 100 jongeren kamen woansdeitejûn yn Harns ôf op in oprop fan in saneamde Killer Clown. De clown hie op Facebook oankundige dat er om acht oere jûns yn Harns ferskine soe. It is op dit stuit in trend yn Nederlân dat enge clowns harren op strjitte sjen litte.
De Harnzer clown liet him lykwols net sjen. Wol kaam de plysje noch efkes del om yn de gaten te hâlden oft alles goed ferrûn.
Toeterje
De jongeren rûnen yn de buert fan it spoar wêrtroch Arriva lûd toeterje moast en goed oplette moast tusken de stasjons Harns sintraal en Harns Haven.