Pelle van Amersfoort ûnder it mes
Sportklup Hearrenfean moat it in skoftke dwaan sûnder Pelle van Amersfoort. De middenfjilder is operearre oan syn bline term. Van Amersfoort stiet gewoanwei yn de basis, mar sil no nei alle gedachten ferfongen wurde troch Younes Namli.
Van Amersfoort mist ûnder oare de bekerwedstriid tsjin FC Eindhoven fan tongersdeitejûn en de kompetysje wedstriid tsjin Feyenoord fan kommende snein. It is de ferwachting dat de middenfjilder twa oant trije wiken út de rûlaasje is.