Annet Doesburg wurdt gemeentesekretaris Waadhoeke

Annet Doesburg
Annet Doesburg wurdt de nije gemeentesekretaris foar de nije gemeente Waadhoeke. Dat hat de stjoergroep besletten. Doesburg moat fan 1 jannewaris takom jier ôf oan it wurk as gemeentesekretaris.
Foardat de fúzje fan Frjentsjerteradiel, Menameradiel en It Bilt kompleet is, moat Doesburg as projektlieder oan it wurk om sa de tariedingen foar de weryndieling yn goeie banen te lieden.
Doesburg wennet op dit stuit yn Middenmeer en se hat de ôfrûne sân jier aktyf west by de gemeente Amsterdam.