Steatssekretaris Van Dam op besite yn Fryske natuergebieten

Nasjonaal Park De Alde Feanen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Steatssekretaris Van Dam is tongersdei al betiid op de moarn op besite by de twa natuergebieten dy't nominearre binne foar 'Mooiste Natuurgebied van Nederland'. Hy set om healwei sânen al útein yn Holwert. Dêr krijt de steatssekretaris in part fan it Waadgebiet te sjen.
Hjirnei rydt er troch nei Earnewâld dêr't útlis jûn wurde sil oer De Friese WIJlanden. Dat is in gearwurkingsferbân fan meardere Fryske natuergebieten lykas Nasjonaal Park de Alde Feanen en de Fryske Wâlden.
Alle gebieten op ien dei
Van Dam hat by beide Fryske natuergebieten net al tefolle tiid, om't er alle nominearre gebieten yn ien dei oandwaan wol. Utsûndering hjirby is it eilân Saba, dat oan de oare kant fan de planeet leit. De steatssekretaris sil dat gebiet mei in fideoferbining besykje.