Dongeradiel hat nije berneboargemaster

Noa Daannette Groenevelt (rjochts) is de nije berneboargemaster fan Dongeradiel
Noa Daannette Groenevelt is woansdei ferkeazen ta nije berneboargemaster fan de gemeente Dongeradiel. Se is keazen út in groep fan 13 learlingen út de groepen 7 en 8 yn de gemeente.
De kandidaten moasten harsels yn trije minuten presintearje oan in sjuery. Yn dizze sjuery sieten bygelyks boargemaster Marga Waanders, riedsleden Romke Hoekstra en Jannie van Midlum-Huisman. De hjoeddeistige berneboargemaster Chloë Monsma mocht de sjuery bystean yn de kar.
Noa Daannette wurdt tongersdeitejûn offisjeel ynstallearre as achtste berneboargemaster fan Dongeradiel.