SC Hearrenfean net op folle krêft yn bekerwedstriid

Sportklup Hearrenfean is net folslein fit foar de bekerwedstriid tongersdeitejûn tsjin FC Eindhoven. Lucas Bijker en Pelle van Amersfoort binne der net by. Sy wurde ferfongen troch Caner Cavlan en Morten Thorsby. Bijker hat hamstringklachten, Van Amersfoort is siik. Yuki Kobiyashi en Sam Larsson wurde nei alle gedachten sparre, foar har yn it plak spylje Luciano Slagveer en Younes Namli.
FC Eindhoven stiet 14e yn de Jupiler Leauge mei 13 punten. As de Feansters winne yn it Jan Louwers Stadion yn Eindhoven dan sil Jeffrey Talan foar Hearrenfean de lotting foar de lêste sechtjin ploegen yn KNVB beker ferrjochtsje.
De wedstriid begjint tongersdeitejûn om 20:45 oere.