Frachtwein bedarret yn 'e sleat by Easterwâlde
Op de ôfrit fan de N381 by Easterwâlde is woansdeitemiddei in frachtauto yn de sleat bedarre. De sjauffeur wie mei syn auto út Appelskea ûnderweis nei Easterwâlde, doe't er de kontrôle oer it stjoer ferlear. De oarsaak dêrfan is noch net dúdlik. De frachtauto bedarre earst yn de berm en botste tsjin in lantearnepeal en in oantal ferkearsbuorden oan. Dêrnei einige de frachtwein yn de sleat.
De sjauffeur is neffens de earste ynformaasje net ferwûne rekke. In bergingsbedriuw moat de frachtwein út de sleat helje.