Ljouwerter (18) mei neppistoal oppakt

© Omrop Fryslân
Mei lutsen pistoalen hat de plysje tiisdeitejûn in 18-jierrige Ljouwerter oanhâlden. Tsjûgen melden by de plysje dat in man mei in pistoal yn de Trompstrjitte rûn. Nei syn oanhâlding die bliken dat it om in ferbean neppistoal gie. It wapen is yn beslach naam.
De plysje warskôget minsken om net mei de ferbeane nepwapens oer strjitte te rinnen. De plysje kin net sjen oft it om in echt wapen giet en hâldt minsken by de oanhâlding ûnder skot.