UPDATE: Steuring oplost, treinen ride wer
Treinreizgers tusken Ljouwert en Harns moasten woansdeitemiddei rekken hâlde mei fertraging. As gefolch fan in sein- en wikselsteuring rieden der gjin treinen op it trajekt. Om de minsken dochs op harren bestimming te krijen, sette ferfierder Arriva bussen yn.
Krekt nei fjouweren wie de steuring wer oplost en koe de normale tsjinstregeling wer oppakt wurde.