Taalassistinten jouwe Dútske les op skoalle yn Sint-Anne

26 okt 2016 - 14:33

Skoalbern fan CSG Ulbe van Houten en De Foorakker yn Sint-Anne krije woansdei les fan trije taalassistinten fan it Goethe-Institút. De assistinten jouwe net in gewoane les, mar in Mach-Mit les. Dat betsjut dat de learlingen ferskate spultsjes en aktiviteiten oer Dútslân en de Dútske taal krije. Doel is om te Dútske taal oan te priizgjen ûnder skoalbern fan it fuortset ûnderwiis. Dit yn it ramt fan 'De dei fan de Dútske taal'.

De Mach-Mit kampanje om de Dútske taal oan te priizgjen rint al sûnt 2012 en yntusken binne al mear as 40.000 learlingen der mei yn de kunde kaam. De aksjegroep Dútsk koördinearret de Mach-Mit kampanje, yn gearwurking mei de Dútske Ambassade yn Den Haach, it Duitsland Instituut Amsterdam, de Duits-Nederlandse Handelskamer en Goethe-Instituut Niederlande.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)