Soe De Grinzer Pein yn de takomst by Fryslân komme?

Kin De Grinzer Pein (Opende) nei de weryndieling yn 2019 yn Grinslân net folle better yndield wurde by Fryslân? Dat wol pleatslik belang fan De Grinzer Pein ûndersykje. It bestjoer wol de diskusje opstarte yn de doarpskrante. As de reaksjes posityf binne, folget in offisjele peiling yn it doarp.
De Grinzer Pein heart no by de gemeente Gruttegast, mar soe yn 2019 opgean moatte yn de gemeente Westerkwartier. In soad ynwenners fine dat net logysk, se binne foar winkels en foarsjenningen folle mear oriïntearre op Surhústerfean, op Fryslân dus.
Foarsitter Sikke Nieuwman fan pleatslik belang tinkt dat op dit stuit de ferhâlding Fryslân/Grinslân op 50/50% leit. Geografysk hearre wy by de Wâlden en oeral ha we ús rjochten en plichten. Begjin takom jier wol pleatslik belang begjinne mei it 'ûndersyk'.
Gruttegast
De gemeente Gruttegast wol noch net op de plannen foar in peiling yn De Grinzer Pein yngean, sa lang der fan it doarpsbelang út noch gjin kontakt opnommen is mei de gemeente. Grinskorreksjes tusken Fryslân en Grinslân binne lykwols yn it ferline wol faker trochfierd.
Yn 1992 waard it Grinzer doarp Strobos yndield by Fryslân, neidat pleatslik belang dêr al 30 jier foar pleite hie. In protte ynwenners fûnen it ûnhandich dat der in provinsjegrins rûn tusken de twillingdoarpen Gerkeskleaster en Strobos.