Provinsje en Ljouwert betelje mei oan The Passion

In eardere edysje fan The Passion © ANP
It kolleezje fan Deputearre Steaten hat it foech om 100.000 euro beskikber te stellen foar de opfiering fan The Passion takom maitiid yn Ljouwert. Dat sei deputearre Sietske Poepjes woansdeitemoarn yn antwurd op fragen fan wurdfierder kultuer Margreet Mulder fan D66 yn Provinsjale Steaten.
Njonken de provinsje stelt ek it kolleezje fan b. en w. fan Ljouwert 100.000 euro beskikber. De organisaasje fan The Passion, de telefyzjestjoerders EO, KRO en NCRV, kriget dus yn totaal 200.000 euro. De ynvestearring fertsjinnet him werom, seit Poepjes.
Net allinne wurdt it besikersoantal op 20.000 minsken rûsd, op telefyzje seagen der ferline jier 3,8 miljoen minsken nei. Guon dêrfan sille nei de útstjoering nei Ljouwert takomme.