Tichte mist soarget foar opûnthâld
De tichte mist hat woansdeitemoarn rûnom yn Fryslân foar ûngelokken soarge. Op de A7 by Drachten ha meardere ûngelokken west. Oar ferkear kin der lêst fan ha. By Grou ried in auto rjochtút op in krusing en botste tsjin in lantearnepeal. De auto moast fuortsleept wurde. De bestjoerster kaam mei de skrik frij.