Akke Marije wint Holland's Next Top Model

De 20-jierrige Akke Marije Marinus út Boarnwert hat tiisdeitejûn de finale fan it tv-programma Holland's Next Top Model wûn. Se kriget in modellekontrakt mei in wearde fan 50.000 euro. "Wie had dit gedacht, jongens, wie had dit gedacht!", wie de earste reaksje fan Akke Marije yn de útstjoering, nei de bekendmakking.
Tolve modellen dienen mei oan it begjin fan it programma fan RTL5 en foar de finale wiene der noch fjouwer froulju oer. De finale waard live útstjoerd fanút Amsterdam. It Nederlânske publyk mocht ek wer stimme.
Akke Marije liet yn de finale har konkurrinten Noor (16), Emma (19) en Colette (20) efter har.