Gemeenteried Harns berikt akkoart oer selsstannige haven

De haven fan Harns © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De gemeenteried fan Harns is akkoart mei it selsstannich meitsjen fan de haven yn de stêd. De gemeente wol de haven oerhevelje nei in los bestjoer om sa it havenbedriuw de frijheid te jaan om himsels fierder te ûntwikkeljen, sûnder dat dit op kosten fan it jild fan de gemeente giet.
It hat in skoft duorre foar't de ried oer it beslút fan it kolleezje te set koe, om't der noch wachte waard op in definitive businesscase. Dy is der no.
Dochs hiene ferskate partijen noch amendeminten mei in tal betingsten yntsjinne, dêr't se earst wissichheid oer hawwe woene foardat sy akkoart gean koene mei it beslút. It beslút oer de selsstannigens fan de haven hinget no allinnich noch op de goedkarring fan de havenoerienkomst, de statuten en de ynbringoerienkomst.