De Friesland wol Nij Smellinghe helpe mei soarch

Soarchfersekerder De Friesland sil sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten helpe om de soarch wer op nivo te krijen. It Drachtster sikehûs hat foar pasjinten dy't gjin akute soarch nedich hawwe, in stop ynsteld. Dat is dien omdat der dit jier mei goed 9 miljoen euro oer it budzjet gien is.
De Friesland sil in part fan dat tekoart oanfolje, sa seit bestjoersfoarsitter Bert van der Hoek fan de soarchfersekerder. Fierder sil de soarchfersekerder minsken dy't gau holpen wurde wolle en op in wachtlist steane, temjitte komme.
Sy kinne nei alle gedachten yn oare sikehuzen telâne. Neffens Van der Hoek bart it folle faker dat sikehuzen mear jild útjouwe as dat se krije fan de soarchfersekerder, mar hy jout ta dat it bedrach fan 9 miljoen wol tige grut is.
Mear as de helte fan de pasjinten fan Nij Smellinghe binne fersekere by De Friesland. Van der Hoek begrypt dat by harren ûnrêst ûntstien is, mar yn syn eagen is dat net nedich. Minsken dy't ferlet ha fan soarch, sille dat altiten krije, sa seit Van der Hoek.