Provinsje stekt miljoenen yn ferkearsfeiligens

© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De provinsje stekt de kommende jierren 30 miljoen euro yn ferkearsfeiligens. Mei it jild wurde ûnder oare 70 stikken dyk, krúspunten en oerstekplakken yn Fryslân oanpakt. Sa komt der by it krúspunt nei Froubuorren yn de nije Noardwesttangent in rotonde, omdat dêr in tal slimme ûngelokken west hat.
Koartlyn hat bliken dien dat der it ôfrûne jier mear ferkearsslachtoffers wiene, mar dat de registraasje dêrfan net altyd goed giet. De provinsje set yn op it ferbetterjen fan dy registraasje.
Fierders wurdt der 9 miljoen euro stutsen yn it feiliger meitsjen fan fytspaden. Fan dat bedrach is 4 miljoen bestimd foar de gemeentlike fytspaden.