Komst krematoarium yn Dokkum wer stap tichteby

© Google Streetview
De fêstiging fan in krematoarium yn Dokkum is in stap tichteby. De leden fan de begraffenis- en kremaasjeferiening fan Dokkum en omkriten binne yn in ekstra gearkomste akkoart gien mei de bou derfan.
It krematoarium is pland by it útfeartsintrum oan de Rûnwei-west. De begraffenisferiening jout it útfeartsintrum oer oan it bedriuw Respectrum Crematoria B.V., dat fan plan is om it hielendal te ferbouwen.