Warskôging foar gemeente Frjentsjerteradiel om twangsom

25 okt 2016 - 15:41

De Ried fan Steat hat de gemeente Frjentsjerteradiel in tik op de fingers jûn om't dy te strang wêze soe foar in man út Sittard. Dy hat in pear boustekken stean op in stik grûn oan Lytse Buorren yn Tsjummearum. Omdat buorlju dêr oer klage hiene, moast de man de stekken fuort helje.

De man út Sittard hie se doe oan de sydkant fan it terrein delset, de buorlju oan dy kant hiene der gjin problemen mei. Mar de gemeente fynt dat de eigener it befel net opfolge hat en joech him in twangsom fan 5.000 euro. De Ried fan Steat fynt dat de gemeente de man wol even belje kind hie om der oer te praten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)