''Kuierje makket Fryske pasjinten sûner''

Ien kear yn de wike in oere lang kuierje helpt minsken fan sûnensklachten ôf. Dat blykt út ûndersyk fan Agnes Van den Berg yn opdracht fan soarchfersekerder De Friesland. It ûndersyk is tiisdeitemoarn presintearre as ûnderdiel fan in seminar oer sûnens en natuer.
Van den Berg hat it ûndersyk dien yn gearwurking mei tsien Fryske fysioterapeuten. Dy ha elk wer tsien pasjinten selektearre om mei te dwaan oan in kuiertest. Nei trije moannen ien kear yn 'e wike kuierje, docht bliken dat de kuierders minder sûnensklachten ha. Benammen rêch- en heupeklachten binne oanmerklik minder. Ek wurdt der minder faak in berop dien op de húsdokter.
Stôk achter de doar
De kuierders ha de kuiertochten as posityf ûnderfûn en fine it mienskiplik rinnen op in fêst tiidsein yn 'e wike in stôk achter de doar. Boppedat hat it de kuierders mear sosjale kontakten oplevere. Se jouwe it kuierjen as sifer in acht.