Ierdewurk fan âld-boargemaster Kuperus foar It Bilt

25 okt 2016 - 15:11

In bysûnder ierdewurken board fan krekt nei de Twadde Wrâldoarloch is in hannen kaam fan gemeente It Bilt. It board is meitsje litten troch Gerrit Hendrik Kuperus, dy't fan 1937 oant 1946 boargemaster fan It Bilt wie. Doe't Kuperus yn 1944 fan de Dútsers opdracht krige it fernielde fleanfjild Fliegerhorst te reparearen, wegere hy dat en moast hy mei syn famylje ûnderdûke. De helpers krigen letter as tank in board fan Makkumer ierdewurk.

Frou D. Kuperus-Smit, skoandochter fan Kuperus, hat it board oerlange oan boargemaster Gerrit Krol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)