Winkeliersferiening De Gordyk wol helpe nei brân
De winkeliersferiening op De Gordyk, de WHI, wol sa gau as mooglik besykje om fan betsjutting te wêzen nei de grutte brân fan moandei yn it doarp. In fûle brân lei doe in part fan de kleansaak Pieta's Lifestyle yn de jiske.
De WHI sil tiisdeitejûn om tafel om te sjen wat se dwaan kin. Sa bestiet der de mooglikheid dat der socht wurdt nei in ferfangend gebou yn de winkelstrjitte. De WHI soe der graach by bemiddelje wolle. "We litte in ûndernimmer op De Gordyk net yn de kjeld stean", sa seit in wurdfierder fan de winkeliersferiening.
Yn in earste reaksje stelle de ûndernimmers tige skrokken te wêzen fan de brân, mar bliid te wêzen dat de skea beheind bleaun is ta ien winkel.
Oer de oarsaak fan de brân is noch neat dúdlik, de brân is neffens Rutger de Groot fan de brânwacht yn alle gefallen op souder ûntstien. Sa as it no liket is der gjin asbest frijkaam.