Man oanhâlden foar ferbean drugsbesit

Drugs © Omrop Fryslân
De plysje fan Ljouwert hat moandei yn de Sint Jacobusstrjitte in man oanhâlden foar ferbean drugsbesit. De man ried mei syn auto in strjitte yn dy't allinne foar bestimmingsferkear tagonklik is en waard dêrom kontrolearre. By it fûillearjen fan de man waarden twa pûdsjes mei drugs fûn, nei alle gedachten kokaïne. Ek hie de man softdrugs en in mes by him.
De bestjoerder waard hjirfoar oanhâlden. De plysje hat proses-ferbaal opmakke.